It is dyn web. Navigearje lykas jo it wolle

Jo bringe in soad tiid troch op it web. Jo fertsjinje in websneuper dy persoanlik is, de funksjonaliteit dy't jo nedich ha en de fleksibeliteit dy't jo wolle. Jo fertsjinje Vivaldi, dus ha wy it foar jo makke. Genietsje derfan!

Besykje it no
Vivaldi

Krêftich, kleurige skiednis

Krij in djipgeand oersicht fan jo sneup aktiviteiten, stipe troch statistiken en fisuele gegevens. Mei dizze skiednis is brûkberder dan ea, kinne jo fluch troch besochte websteeën rinne en krij goede tips op de âlde keppelings werom te finen.

Untdek jo skiednis
Vivaldi History

Notysjes skriuwe

Ha jo de perfekte sitaat fûn foar jo opstel of artikel? Kopiearje dy tekst nei it notysjepaniel, en heakje tagelyk in keppeling ta. In skermprint, foar it gefal de side feroaret.

Begjin mei notysjes meitsje
Vivaldi Notes

Op in miljoen manieren oan te passen

Wy binne allegear hiel unyk en wolle oare dingen. Wy by Vivaldi leauwe yn it meitsjen fan software wêrmei jo wurkje kinne lykas as jo it wolle! Wy passe ús oan jo oan! Fine jo it aardich om de ljeppers ûnderoan of op de sydkant fan it finster? Of in oare posysje fan de adresbalke? Of it no om kaaiboerd fluchtoetsen, mûsstjoerings, uterlik of oanpassings foar kleureblinens Vivaldi makket it mooglik.

Gean it oanpassen
Vivaldi

Ljepper groepearje en tegelje

Ha jo faaks in soad ljeppers iepen yn jo blêder? Hâld oersicht troch ljepper groepen te brûken. Mei dizze funksje kinne jo meardere ljeppers as groep beheare. Sleep in ljepper op in oare foar in ienfâldige groep. Troch ljepper groepen te steapeljen, kinne jo meardere ljeppers njonken elkoar yn in ruster sjen litte. Troch meardere ljepper groepen te steapeljen, ha jo meardere buroblêden wêr jo mei ien klik tusken wikselje kinne. Mear macht foar dy!

Besykje Vivaldi
Vivaldi Tab Stacks Tiled

Kies dyn styl mei tema's

As jo in auto keapje, dan is der grutte kar fan kleuren en funksjes mooglik. Mei Vivaldi, binne jo net beheind ta ús gefoel fan styl. Ry yn jo eigen styl mei ús taheakke tema's, of meitsje ienfâldich sels ien oan!

Flugge kommando's

F2

Wurkje jo graach mei de opdrachtrige? Dan bringt Vivaldi jo nocht. Flugge kommando's lit jo sykje troch iepen ljeppers, blêdwizers, skiednis, ynstellings en mear mei help fan de opdrachtrigel.

Quick Commands

Ien fan de dingen dy Vivaldi unyk makket is dat it bout is op in moderne web technology. Wy brûke JavaSkript en React om de brûkers ynterfaasje te meitsjen mei help fan Node.js en in lange list fan NPM modules. Vivaldi is it web bout mei it web.

Oanpasber ynterfaasje

VIvaldi's kleurenskema sil him oanpasse as jo oer it web sneupe, lykas in kameleon him oanpast oan de omjouwing. In skjinje en modern uterlik follet de ynhâld oan. Facebook makket Vivaldi blau, The Verge makket it oranje – As jo it wolle.

Op jo manier op it ynternet

Vivaldi hat foar de measte dingen mûsstjoerings en fluchtoetsen. Meitsje jo eigen en foegje fluchtoetsen ta om Vivaldi persoanlik te meitsjen. Skeakelje inkel toetseboerd fluchtoetsen yn om noch flugger tagong te ha ta jo favorite opdrachten.

Krêftige blêdwizers

Hoe folle blêdwizers ha jo yn jo sneuper? 56, 225, of 1056? As jo in soad brûk meitsje fan blêdwizer, dan binne jo te plak! Mei Vivaldi's blêdwizer behearder kinne jo effisjint tagong ha ta jo blêdwizers en har organisearje. Jo kinne jo eigen lebels en skûlnammen jaan foar flugge tagong.

Web Paniel

Heakje wat fan jo favorite websteeën ta as in webpaniel foar flugge en maklike tagong. Fantastysk fan wurdeboeken, nijsoanfier en mear. Wês frij om te eksperimintearjen!

Wat de pers seit:

Der binne in soad lytse funkjes al ynboud. Ynklusyf ljepper foarbyld en de mooglikheid om ljeppers nei else hoek fan de sneuper finster te setten.

Frederic Lardinois

Vivaldi rjochtet him op power brûkers en kin miskien krekt wat wêze foar dy.

Owen Williams

Ik bin ferslaafd wurden oan Vivaldi – It hat fantastyske ljepper behear funksjes, ynklusyf in sykfjild wêr jo in iepen ljepper mei sykje kinne troch kaaiwurden en in "tegel" werjefte om ljeppers njonken inoar sjen te kinnen.

Clive Thompson

Vivaldi ynlade 1.12 foar Windows